De Fryske Tonger Core band JitiizeR is offisjeel berne op 18 augustus 1991.
Fjouwer mannen, noch net ree foar it konserfatorium, hienen de grutte drang om ris meienoar in goed stik lefen te meitsjen. Josse (gitaar), Bongel (bongels), WilSon (gitaar) en De Gledde (stroate) koenen terjochte yn de loads fan Jonkman yn Sint Nyk. De kniptafel fan de seilmakkerij wie it poadium.
Binnen inkelde wiken hienen wy de earste nűmers hielendal útwurke: “Readkapke”, “Johannus”, “Oan ‘e Kant” en “Yosties”. It earste optreden siet deroan te kommen en it swit gong De Gledde troch de naat; in seal fol minsken wie tefolle fan it goeie. Al rap fűnen wy Wally efter in wetterpipe en hienen wy in echte snetterbek!
Troch it kabaal dat wy produsearden, kaam de tafallich foarby fytsende Tommy op it lűd ôf. En hawar, de baskepulker wie in feit! Wy hawwe oefene en bier dronken, al soe ús libben der fanôf hingje, want 7 febrewaris wie it earste optreden.
It earste optreden op 7 febrewaris 1992 wie legendarysk. “Bar de Baron” yn Sint Nyk, hielendal ôfladen, in joekel fan in PA, de himpkes binnen in oere útferkocht, twa oare bands as foarprogramma. De start fan it artystenlibben!
In goede start is it heale wurk. Yn 1992 yn totaal 12 kear op de planken; űnder oare de Fryske Gekte Toer en de finale fan de Lytse Priis fan Snits. Alle rom waard Wally tefolle en wy hawwe as goede freonen ôfskyd nommen. Yn rekord tempo hat De Gledde de nije sjonger Martin van der Vlugt ynwurke.
Yn 1993 de earste demo “Hjir Is Der Ol” en in soad űnderweis. Jierren fan sukses en yn 1996 de earste Kompakt Skiif “Frysk Tonger Core”.
Spitigernôch moast Matin van der Vlugt ręstiger oan dwaan om gesondheidsredenen. Healwei 1998 hat Martin van der Vlugt de nije sjonger Reade Rikus ynwurke.
Yn 2019 hawwe Skeepy ynwurke as neie Triddepieler, troch u.o. de kut corona pandemie hat hy helaas net optreden
Ein 2021 hawwe in nije Triddepieler: Berry.
RikuS Tongersnút
BongeL Bongelmepper
TommY Baskepulker
JossE Tridderauser
BerrY Triddepieler
It alderlęste konsert wie op 22 jannewaris 2011 yn it Sealensintrum yn Sint Nyk. In waardich ôfskeid en in moaie ôfsluter yn Miami: 70.000 tons of Metal .
De jokte, net te hurdzjen! Op 17 maaie 2013 hat JitiizeR yn it muzykprogramma Noardewyn (Omrop Fryslân) nei bűten brocht dat se wer los gean!