Skip to main content

Frysk Tonger Core

Opnommen: 01-1996 – 02-1996
Studio: RDS Studio Snits
Útkommen: 11-05-1996

 

HEU

Heudiedieheudieheudiedieheu, heu! Heu!
Heudiedieheudieheudiedieheu, heu! Heu! Ja!
Heudiedieheudieheudiedieheu, heu! Heu!
Heudiedieheudieheudiedieheu, heu!


 

JENTSJE SYN KOEKJE

Wat in lekker koekje, it sjocht der prachtich út.
Dêr omhinne sûkelade, mei in dikke nút.

Hap docht lytse Jentsje, it koekje smakket skoan.
Op ‘e stoel te iten, wa komt dêr ynienen oan.

It is Puk, de brune teakel, dy wol in stikje ha.
Dat liket lytse Jentsje net sa goed ta.

Hy stekt de hantsjes yn ‘e loft, swaait it koekje yn it rûn.
Skopt tsjin de teakel oan, de teakel leit dea op ‘e grûn.

Dit is it einde fan Jentsje syn koekje en de hûn.

Jentsje syn koekje, Jentsje syn koekje, Jentsje syn koekje,
Jentsje syn koekje, Jentsje syn koekje, koekje!


 

TRAFFELTIT

No goeie dokter. Goeie pasjint.
Ik haw sa’n lêst fan myn hormonen.

Se rookt swiere sjek, it is net normaal,
skuonmaat 47, op sicht in ferhaal, oh jê.
In strak rokje om har behierre kont,
in jas oan fan barchebont, oh jê.

Har keunsttiten dy hingje bryk,
burdgroei, in kearel gelyk, oh jê.
Earms as mokers, it komt nuver oan,
nee sa’n gedrocht hast do noch noait sjoen.

Ik freegje my ôf: kloppet dit wol?
Se rint nei de WC en miechet de bak fol.
Is dit in spelling fan de natoer of sa,
of kin it wêze dat ik it wer mis haw.

Traffeltit, hy is ferboud,
ik tink net dat sy befrediging jout.
It is in hi, ha traffeltit,
in nij geslacht wat krekt bestiet, oh jê.
It is in hi, haha traffeltit,
It is in hi, ha traffeltit, oh jê.


 

SOP SIEDE

Sneintemoarn dan wurd ‘k wer wekker,
de plak op ‘e tosken, ik haw my noch net wosken.
Mar wat rûk ik dêr, wat driuwt der troch myn kop,
it is dy noflikke geur fan in lekker bakje sop.

Godfergemy, ik wurd gek,
it wetter stiet my yn ‘e bek.
Stroffelje nei beneden mei de harsens oer de flier,
better sop dan dat kloate bier.

Sneons begjint sy mei de whisky flesse,
dan komme de kei en de baarchen ûnder it mes.
Wat griente en wat krûden der yn,
en in bonke fan in dea knyn.

Ja sop siede

Mei de ylpoaten boppe de panne,
en mei de noastergatten op’e râne.
Mei de pûde sjek en de krulspjelden op’e kop,
makket ús mem in noflik bakje sop.

Ja sop siede

Godfergemy, ik wurd gek,
it wetter stiet my yn ‘e bek.
Stroffelje nei beneden mei de harsens oer de flier,
better sop dan dat kloate bier.

Ja sop siede


 

LYTSE PIER

Snel nei Ljouwert of nei Grins ta,
foar in negerin of in poalske ofsa.
Hy rint wat doelleas troch de buorren,
hjoed gjin nocht om him ôf te skuorren.

Soms hat der gjin nocht om op paad,
wis dat der thús mei in 06-nûmer praat.
Dan hat der syn pimel wer yn ‘e hân,
en lústert nei in geil wyf op ‘e bân

It komt ‘m net sa krekt,
it komt ‘m net sa krekt,
it komt ‘m net sa rûch,
it komt ‘m net sa rûch,
it komt ‘m net sa nau,
it komt ‘m net sa nau,
hy docht it faak en hy docht it gau.

Snel nei Ljouwert of nei Grins ta,
foar in negerin of in poalske ofsa.
Hy rint wat doelleas troch de buorren,
hjoed gjin nocht om him ôf te skuorren.

Soms hat der gjin nocht om op paad,
wis dat der thús mei in 06-nûmer praat.
Dan hat der syn pimel wer yn ‘e hân,
en lústert nei in geil wyf op ‘e bân

It komt ‘m net sa krekt,
it komt ‘m net sa krekt,
it komt ‘m net sa rûch,
it komt ‘m net sa rûch,
it komt ‘m net sa nau,
it komt ‘m net sa nau,
hy docht it faak en hy docht it gau.


EVEN WAT OARS

Johannus syn rûge tiden binne oer,
hy hat no in froutsje, in dochter fan in boer.
Hy hoeft net mear nei Grins mei syn prakje,
no sit der noflik thús by de frou oan in bakje.

Even wat oars:
Hy hâld jild oer dat is net normaal,
se prate al oer in belestingskandaal.
Se witte net wêr der it oars hinne brocht,
en dat der wolris wylde froulju besocht.

Johannus.
It is Johannus.

Ek Johannus dy hat wolris ferlet,
mar de measte minksen dy begripe dat net.
Mar se witte no echt wol better,
hy hat no in froutsje, in blonde spetter.

Johannus.
It is Johannus.
Johannus.


DE SNIESKOWER

Is de hjerst foarby dan wurdt der al wer gek,
dan hat ús Bouwe de snie wer yn ‘e bek.
Mei de bleate kont stiet der yn ‘e snie,
dat is hoe’t ús Bouwe froeger ek al wie.

De snieskower is it earste wat der pakt,
en syn moaie brûk hat der wer fol kakt.
Ja de moaie winter is wer oan ’t begjin,
en domme Bouwe skoot it paad wer skjin.

Hy is wyld op snie dat wynt him freeslik op,
by de earste flokken dan groeit syn grutte knop.
De brûk op ‘e knibbels en der dan mar foar,
en de hiele buert ropt dan yn in koar.

Syn namme dat is Bouwe,
hy kin oergryslik skowe.

Snieskowe, snieskowe,
it is dochs net te leauen,
altyd mar mei die snieskower te skowen.

Is de hjerst foarby dan wurdt der al wer gek,
dan hat ús Bouwe de snie wer yn ‘e bek.
Mei de bleate kont stiet der yn ‘e snie,
dat is hoe’t ús Bouwe froeger ek al wie.

Snieskowe, snieskowe,
it is dochs net te leauen,
altyd mar yn die wite prakke te skowen.
Snieskowe, snieskowe, it is dochs net te leauen.


READKAPKE

Sis Readkapke wêr giest do hinne,
troch it bosk ja sa allinne.
Ik gean nei beppe mei wat drank,
dan krie ik in slokje foar de dank.
Gean dan mar fuort, mar sjoch út,
tink om die aparte wolfesnút.
Nim de dyk oer it boskepaad,
stroffelje net oer it beameskaad.

Beppe, haw jo my net heard.
Gean dochs fuort ik lis mei de wolf yn bed.
De wolf mei syn grutte earen en dat soart spul.
Mar it aldergrutste is syn wolfelul!

Trije kear hat se oan ’t toutsje lûkt,
doe is se mar nei binnen ta krûpt.
Se wurdt gek, de wolf by beppe thús,
leit mei de klouwen foar it krús.
Wolf wat hast do grutte eagen,
seit Readkapke readferlegen.
Hy helle de klauwen foar ’t krús wei,
dat wie Readkapke’s lêste dei.
Se is no dea!

Beppe, haw jo my net heard.
Gean dochs foart ju, ik lis mei de wolf yn bed.
De wolf mei syn grutte earen en dat soart spul.
Mar it aldergrutste is syn wolfelul!


KNYN

Goeie dokter. No goeie pasjint.
Ik haw sa’n lêst fan myn hol.

In knyn, mienemienemienemienemien,
hat twa hiele grutte earen en in hiele lytse stut.
En ik woe sa graach wolle dat ik rinne koe sa hurd.
In knyn, mienemienemienemienemien.

In knyn, mienemienemienemienemien,
hat twa hiele grutte earen en in hiele lytse stut.
En ik woe sa graach wolle dat ik rinne koe sa hurd.
In knyn, mienemienemienemienemien.


DE BERGGEIT

Hy rint dêr troch de bosken,
hy fielt sich dêr net thús.
Hy hat ek skeve tosken,
en hy siket in nei hûs.

Iepe, Iepe de berggeit.

Hy wennet no yn ‘e rotsen.
Hy sûpt ek folle jenever,
hy rint dan ek steeds skever.
Mar op ’t lêst dan moat der kwatse,
mar dan ropt der “Bèèèè, Bèèèè, Bèèèè”!

Hy rint dêr troch de bosken,
hy fielt sich dêr net thús.
Hy hat ek skeve tosken,
en hy siket in nei hûs.

Iepe, Iepe de berggeit.

Hy wennet no yn ‘e rotsen.
Hy sûpt ek folle jenever,
hy rint dan ek steeds skever.
Mar op ’t lêst dan moat der kwatse,
mar dan ropt der “Bèèèè, Bèèèè, Bèèèè”!

Iepe, de berggeit.
“Bèèèè, Bèèèè, Bèèèè, Bèèèè”!


SWART WYT

De klok rint, do bist oan set,
it swit brekt út, it komt no krekt.
Prakketinke, de holle hat it swier,
ik sko mar troch, ik doch in plak te fier.

Hy makket in slach, kost my dit de kop?
Soe ik ferlieze, hy sit der boppe op.
De klok hy tikket mar drok troch,
soe der winne? Mar neeee hoo sjoch.

In boppeslach, ik feech him fan it boerd,
ik haw wûn, tenminsten foar hjoed.
Tinksport is einliks neat for my,
mar ja wat moatst oars op sa’n kloate sneinske dei.

Wyt begjint, swart net.
Wyt begjint, swart net.
Wyt begjint, swart net.
Wyt begjint, swart net.


TONGER

Ik trille en rammelde hast út bed,
wat wie dat wat myn linker ear der heard.
It like wol oft de wrâld fergien,
of it wie de drank want ik bin wer blyn.

Tonger, tonger, tonger.

Ik tocht dúster goaden, sy komme my heljen,
it wie no tiid om de plysje te beljen!
Kloaten gjin gehoar, in antwurd-apparaat,
dat wie in dikke hoer mei enoarm dom praat.

Tonger, tonger, tonger.

It tongere de wrâld stie op skuorren,
Nee, it wie JITIIZER oan it spyljen by de buorren!
It like wol tonger allemachtich wat in geweld,
mar dat wisten jim wol, dat hie ik al ferteld.

Tonger, tonger, tonger.


DRANKULA

Drankula, Drankula!

Drankula wennet ergens yn it Fryske lân,
se sizze mei dy fent is wat oan de hân.
Op strjitte mei moai waar dan sjochst him net,
do sjochst ‘m allinne mar jûns let.
Do hearst se wol sizzen:”It is in fampier!”
Ik tink fan net want dy fent dy stjonkt nei bier.

Want it is, ja it is Drankula, Drankula, Drankula, Drankula!

Jûns fladdert hy fan hûs nei hûs,
en skreaut:”Ik bin net gek ik bin in flearmûs!”
Mar doe seach Drankula de toer net stean,
en hy bleau heakjen mei syn âlde klean.
Mei in grutte snelheid foel hy del,
hy mocht net yn de himmel, dan mar yn de hel.

Want it wie, ja it wie, Drankula, Drankula, Drankula, Drankula!

Drankula wennet ergens yn it Fryske lân,
se sizze mei dy fent is wat oan de hân.
Op strjitte mei moai waar dan sjochst him net,
do sjochst ‘m allinne mar jûns let.
Do hearst se wol sizzen:”It is in fampier!”
Ik tink fan net want dy fent dy stjonkt nei bier.
Hy stjonkt nei bier!

Want it wie, ja it wie, Drankula, Drankula, Drankula, Drankula!


BUTER, BREA

Bûter brea en griene tsiis,
wa ’t dat net seit, dat is gjin Fries.
Dat is ymport, gjin ferstân,
snappe de taal net fan ús heitelân!

Bûter brea en griene tsiis,

En mar seure oer it Fryske lân,
by d’alvestêdetocht stean se foaroan.
Yn tenu mei Fryske flagge,
my sulken is noch nea in feest slagge!

Bûter brea en griene tsiis,

Wêr giet dat mei ús lân nei ta,
no wy fan dy stumpers haw’.
De Friezen binne gjin Friezen mear,
dit giet te fier, dit komt sa net klear!

Bûter brea en griene tsiis,


DE SLIPSNIFTER

Ja minsken hjir bin ik wer hear hehehehehehehe hehehehehehe

Ja Henkie, ja jim kinne him wol,
hy libbet noch altiid sûnder in snol.
Hy kin ‘m sels noch gjin jirpel pelle,
mar oer poppen kin der alles fertelle.

In frommes dy’t gjin nee of ja seit
mar altiid klear foar Henkie leit.
Oft se smoarch is ja dan komt se yn ‘e does,
en dan komt er in túnsslang yn har poes

Ja Henkie de slipsnifter. Henkie de slipsnifter

Rubberen Truus ja die kriget der goed fan lâns,
Henkie priket har oeral mei de swâns.
Wolst him yn ‘e mûle ha,
se hat gjin tosken dus it falt wat ta.

In frommes dy’t gjin nee of ja seit,
mar altiid foar use Henkie klear leit.
Oft se smoarch is, ja dan komt se yn ‘e does,
en dan kriget sy in túnsslang yn har poes.

Henkie, de slipsnifter. Henkie de slipsnifter

Ja minsken der wie ik wer hehehehehe efen lekker rûke


PINE YN ‘E HOLLE

It field oft leit myn skeidel yn twa stikken,
’t is krekt of binne se mei stiennen oan it bikken.
It wie beare gesellich, ja dat wol,
it krop dat siet op ’t lêst wer aardich fol.

Mar op ’t lêst sei de maache stop,
dit wie te let, ik hie wol pine yn ‘e kop.
Mei my wie gjin lân te besilen,
’t wie krekt of siet myn kop fol imbisilen.

Wat haw wy wer in wille,
we sille it moarn wer fielle,
bjusterbaarlik pine yn it dak,
en dat is net noflik!

Moandeitemoarn nei ’t skythûs te mudzjen,
spuie en skite it is dêr net te hurdzjen.
Sa min as wat en switte as in otter,
kin nouliks mear prate, nee ik st-t-t-totter.

Wat haw wy wer in wille,
we sille it moarn wer fielle,
bjusterbaarlik pine yn it dak,
en dat is net noflik!


JOHANNUS

Johannus syn wurkoeren binne wer foarby,
no is hy foar in hiele jûne frij.
Dan kin der dwaan en litte wat der wol,
hy giet nei Grins want syn pûde is wer fol.

Ek Johannus die hat wolris ferlet,
sommige minsken dy begripe dat net.
Die tinke hy leit wer te lûken,
boppe in steltsje âlde pornoboeken

Johannus, Johannus wat is dat wat ik hjir rûk,
it rûkt hjir nei hout hast in peal yn ‘e brûk?
Stiet der oerein dyn enoarme bout,
do bist de ienige dy hjir sa’n stank jout!

Johannus is in geile beer,
libbensgefaarlik tusken it frouljuferkear.
Welk mokkel sil der no wer pakke,
it makket net út, hy is ’t kwyt die prakke.

It begjint te stjonken nei brân,
wer hast dyn pylk no wer yn hân
De pylk is hyt hy begjint te rykjen,
mar nergens is in rokertsje te sykjen.

Johannus, Johannus wat is dat wat ik hjir rûk,
it rûkt hjir nei hout hast in peal yn ‘e brûk?
Stiet der oerein dyn enoarme bout,
do bist de ienige dy hjir sa’n stank jout!

Wat hat Johannus no in spyt,
nei 5 jier syn peal al kwyt.
Hy kin der net mear safolle mei,
hy fielt sich as in âld bakt aai, in âld bakt aai,
in âld bakt aai, in âld bakt aai!


PIEBE

Ooooooo Piebe!
Ja!
Piebe!
Ja wat is der?
Wat gean wy heljen?
Wat seist?
Wat gean wy heljen?
Wy gean om bier!
Bier?
Ja, bier ja!
Wat gean wy heljen, wat wat wat wat wat gean wy heljen?
Bier!
Bier?
Ja bier!
Gean wy bier heljen?
Bier!
Wêr wei?
Ut de kroech!
Piebe, wat gean wy heljen?
Bier!!!