Skip to main content

Kup D

Opnommen: 12-2000 – 01-2001

Studio: Innersound Studio Terherne

Útkommen: 24-02-2001

 

JITIIZER ÚT (ALTYD LÊSTICH)

Do kinst ús sjen op ’t ynternet of op affysjes oan ‘e dyk
Dan witte jimme wer ’t jim hinne moatte, ja dy jûn dan giest wer bryk
Ik hijs my yn de hollepûde, de kisten kinne wer oan
De swiere sjek yn’e efterbûse, ik kin net wachtsje oant moarn

JITIIZER út: is altyd lêstich, dat falt net mei
JITIIZER út: is altyd lêstich, wy sjoche jimme nei

Al komst út St. Nyk as út Wyckel, dizze jûn giesto der foar
By JITIIZER altyd moaie wiven, jûn der mar foar mei de boar
It bier dat floeit ek ryklik, it is dochs net te leauwen
Jûn dan giest wer as in sek en kinst joun in wyfke skowe

JITIIZER út: is altyd lêstich, dat falt net mei
JITIIZER út: is altyd lêstich, wy sjoche jimme nei


BRÊGEWIPPER

Do sjochst se wol sitten de hiele dei
Der yn ’t hokje giet it der om wei
Nee ’t falt dy echt net mei
Brêgewippe, lekker saai

De hiele dei
’t Falt net mei
Brêgewippe, lekker saai!

De brêgewipper moat ek noch jild ha
Oars moat ‘r yn ‘e WAO of sa
Yn syn bealich bier, gjin spa
’n Brêgewipper hat in stoma

Jild ha
Gjin spa
’n Brêgewipper hat in stoma!

Die mongoalen binne ek nergens goed foar
Miskyn mei hun harsens tusken de doar
Wippers binne ek smoarch en goar
Eltse dei leit der ien op it spoar

Goed foar
Smoarch en goar
Eltse dei leit der ien op it spoar!


EARSTE SNEE

Op in moaie winterdei, it wie in oere as fiif
Kaam it lytse donderke by mem ûnder út it liif
Earst it holtsje, doe de rest, hy liet him net ferrekke
Hy hie de promme hiel goei field, rûnom syn lytse nekke

De boer, de boer, de boer syn earste snee
Sa grutsk as wat, ja moai is dat
De boer syn earste snee

Op syn sânde jierdei, ús jongkje wie hiel leaf
Krych er fan syn omke in prachtich moai bûskniif
Hûntsjes, knyntsjes, hy makke dit alles fan hout
Hy sjiite út yn syn finger, it wie ek net fertrouwd

De boer, de boer, de boer syn earste snee
Sa grutsk as wat, ja moai is dat
De boer syn earste snee

Te dûnsjen nei Steggerda, sy seach der sa moai út
Earst mar efkes peteare, doe begûn it mei in tút
As er hiel foarsichtich wie, mocht er mei syn kloeren
Lângs har slipkes elastyk, efkes fiele en wat roere

De boer, de boer, de boer syn earste snee
Sa grutsk as wat, ja moai is dat
De boer syn earste snee

Op in moaie maaitiidsdei, it gers groeit staach
hat it hast de lingte, dat is no de fraach
Syn heit knikt en seit: “Pak do no mar de trekker,
de meaner en de ladewein,” it sintsje skynt sa lekker

De boer, de boer, dat wie de boer syn earste snee
Sa grutsk as wat, ja moai is dat
De boer syn earste snee


LIBBEN SÛNDER DY

Ach, ik hâld myselts foar de gek
Do wiest de minste ek wer net
Doe ha’k dy in traap mei jûn
En wie ‘k net langer mear bûn
No moat it dan mar sa
Ik ha no Siebrand Stoelinga
Fan efter as in beest tekear
En ik tink no is’t altyd klear

In libben sûnder dy is keal, as beamen sûnder blêden
In libben sûnder dy is leech, as in keamer sûnder minsken
In libben sûnder dy is allinnich, krekt as lytse Remi
In libben sûnder dy is as in stive, sûnder húl!

Ik ha no wiven by de fleet
Mar se hawwe sawat allegearre in dikke reet
Do hiest sa’n moaie en in fijne prom
Dy oaren binne gewoan te rom
No dan, ik jou it ta
Ik wol dy sa graach werom ha
Fan efter as in beest tekear
En ik tink no is’t altyd klear

In libben sûnder dy is leech, as in keamer sûnder minsken
In libben sûnder dy is keal, as beamen sûnder blêden
In libben sûnder dy is allinnich, krekt as lytse Remi
In libben sûnder dy is as in stive, sûnder húl!

In libben sûnder dy is skimmerich, lyksas de nacht
In libben sûnder dy is kâld, lyksas seks mei in iisbear
In libben sûnder dy is kloaten, ik kin it net mear opbringe
In libben sûnder dy is as in stive, sûnder húl!


JEUZEL & BOK

Der wennet yn Sint Nyk in hiel leuk pear
Se wurde pakt mei drank kear op kear
In pear kear yn ’t jier dan moatte se switte
Dat is wannear se in pear wiken yn’e bak sitte

Ja, Jeuzel en Bok, in pear apart
Der is altyd wol ien dyt it needlot tart
Se sitte altyd oan de drank dy nuten
En seure dan ek noch at se de tillefoan ôf slute

Kloaten wat in stank, Jeuzel en Bok, wer pakt foar drank
Bok dy doocht net, Jeuzel dy praat mar
En beide brûke se noch de hânkar

Ja, Jeuzel en Bok, in pear apart
Der is altyd wol ien dyt it needlot tart
Se sitte altyd oan de drank dy nuten
En seure dan ek noch at se de tillefoan ôf slute

Ien kear yn’e moanne gean se nei de Munniksteech
Dêr jouwe se dan sa’n doaze in feech
Op ‘e weromreis dan wurde se pakt
Want it is wer dy drank dy ’t der yn hakt

Kloaten wat in stank, Jeuzel en Bok, wer pakt foar drank
Bok dy doocht net, Jeuzel dy praet mar
En beide brûke se noch de hânkar

Ien kear yn ‘e moanne gean se nei de Munniksteech
Dêr jouwe se dan sa’n doaze in feech
Op ‘e weromreis dan wurde se pakt
Want it is wer dy drank dy ’t der yn hakt

Der wennet yn Sint Nyk in hiel leuk pear
Se wurde pakt mei drank kear op kear
In pear kear yn ’t jier dan moatte se switte
Dat is wannear se in pear wiken yn ‘e bak sitte


KAK KAK

Ik gean ’s moarns nei ’t wurk, ik fiel my noch goed
Hoe soe it hjoed komme, wannear komt de hege noed
De earste bak kofje, dy smakket my net
’t Wurd no heech tiid foar de swiere sjek
’t Earste sinjaal fljocht de termen del
Krekt foar myn aars der groeit in geswel
Rap nei ’t húske oars sil ’t my spite
’t Is al wer klear, ik moat nedich skite!

Kak kak: ljocht of donkerbrún
Kak kak: op ‘e pot of yn ‘e tún
Kak kak: hurd of weake flokken
Myn ears fol skytlokken!

Letters, linksomdraaid of stront mei in skeet
’t Hat mar ien gefolch: ’n spliterige reet
Mar rap wat poeier op myn seare stjer
Ik skyt oeral, selfs op Roffel syn snare
Myn keutels binne hurd, ja dat is ûnhuer
De barsten dy skyt ik yn ’t glazuer
Mar at ik los fan de skytpot kom
Dan ha ik as skiter ’t sels net rom!

Kak kak: ljocht of donkerbrún
Kak kak: op ‘e pot of yn ‘e tún
Kak kak: hurd of weake flokken
Myn ears fol skytlokken!

Moandeitemoarn nei ’t skythûs te mudzjen
Spuie en skite ’t is der net te hurdzjen
De ynterne hûshâlding dy leit op ‘e kop
Ik ha juster te folle hân fan dat giele sop
’t Skytpapier is hast net oan te slepen
Myn ûnderbroek komt wer fol brune strepen
Och dit wurd in helse lange dei
Want ik bin wer oan ‘e skiterij!

Kak kak: ljocht of donkerbrún
Kak kak: op ‘e pot of yn ‘e tún
Kak kak: hurd of weake flokken
Myn ears fol skytlokken!


KNYN

(Ferrassing)


IT HIE NET MOATTEN

En Marten is sa moai, hy hat sa’n moai gebit
It is kats ferrot en it sit fol mei kit
It hie net moatten
Net ien sa lilk as ús Marten

In bern wurt út’e doaze sjitten, de âlders skrikke harren dea
De heit begjint heftich te switten, it rint em oer de lea
It bern is sa ûnsjoch as Dutroux, dit is dochs net te fatten
It hat in stimme dat seit “moe”, nee frou, dit hie net moatten

En Marten is sa moai, hy hat twa moaie poaten
De iene is fan hout, de oare’s nei de kloaten
It hie net moatten
Net ien sa lilk as ús Marten

Op skoalle wienen se Marten altyd oan ’t klieren, se gienen konstant troch
En se trapen him yn ‘e nieren, syn bloed dat leit der noch
Ek de famkes moasten neat fan him witte, dy hienen noch leaver in aparte
Mar dat soe se letter spite, nee dat hie wis net moatten

En Marten is sa moai, hy hat sa’n moaie holle
Mei in ring yn’e noas is der krekt in bolle
It hie net moatten
Net ien sa lilk as ús Marten

Se gienen op skoalle te fier, en Marten draaide troch
It foel him echt net swier, harren bloed dat leit der noch
De kugels fleagen troch de klasse, de muorren sieten ûnder de spatten
De lêste kugel yn syn eigen plosse, nee dit hie echt net moatten

En Marten is sa moai, hy hat sa’n moai gebit
It is kats ferrot en it sit fol mei kit
En Marten is sa moai, hy hat twa moaie poaten
De iene is fan hout, de oare’s nei de kloaten
En Marten is sa moai, hy hat sa’n moaie holle
Mei in ring yn’e noas is der krekt in bolle
It hie net moatten
Net ien sa lilk as ús Marten


HUNING OP’E HELM

Ik wie lesten yn Nijlân
By Aaipop wie wat oan’e hân
Moaie wiven dêr, net te min
Ik hie fuort wer in goed sin
Mar wat wie no it gefal
Dy wyfen wienen der net foar de lol
Dy deis net thús yn’e keuken
Mar nei Aaipop ta te neuken

Huning op’e helm
Huning op’e helm, ik ha’t hjoed wer drok
Huning op’e helm, ik kin der hjoed wer op

Ik stie der mei in pot bier
Kaamen der 10 wiven foar myn pier
Do hast seker huning op dyn helm
En se pakten my by myn fellum
Wat gongen dy wiven tekear
Bin ik no echt sa’n geile bear
Ik kaam wer klear op Aaipop
Ja, ik mocht der wer 10 kear op

Huning op’e helm
Huning op’e helm, ik ha’t hjoed wer drok
Huning op’e helm, ik kin der hjoed wer op


KUP D

Lang libje de dokters fan ‘e ymplantaten
Wat dogge dy mannen goed wurk
Eltsenien skynt der oer te praten
Fan Jiskenhûzen oant Urk

Kup D, kup D, kup D, wat binne dy dingen moai
Kup D, kup D, kup D, moai rûn en yn’e ploai
Kup D, kup D, kup D, it truitsje lekker bol
Kup D, kup D, kup D, twa grauwe hânnen fol

Kup D is sa moai, sil ik dy fertelle
Dêr binne de mannen it wol oar iens
Famkes fan fjirtjin kinne se fuort wol bestelle
Fan St. Nyk oant Stiens

Kup D, kup D, kup D, wat binne dy dingen moai
Kup D, kup D, kup D, moai rûn en yn’e ploai
Kup D, kup D, kup D, it truitsje lekker bol
Kup D, kup D, kup D, twa grauwe hânnen fol

Lang libje de dokters fan ‘e ymplantaten
Wat dogge dy mannen goed wurk
Eltsenien skynt der oer te praten
Fan Jiskenhûzen oant Urk

Kup D, kup D, kup D, wat binne dy dingen moai
Kup D, kup D, kup D, moai rûn en yn’e ploai
Kup D, kup D, kup D, it truitsje lekker bol
Kup D, kup D, kup D, twa grauwe hânnen fol


IK HA DY, OF NET?

Ik fyn dat de flesse healfol is, mar do fynst ‘m healleech
Wat kin my dat no skele, mar mins doch net sa dreech
Ik wol dy wol respekteare, nee ’t is noch net te let
Mar doch no net sa frjemd, want oars boeit ’t my net

Ik ha dy wer ’t ik dy ha wol
Sit my no net efter de broek oan, nee wêz’ my net ta lêst
Ik gean allinnich nei myn maten, ’t giet net raar dat witsto bêst
Ik wurkj’ my hjir it skompus, ik soargje foar it jild
Dus lit my no gewurde, ja wêz’ ’n bytsje myld

Ik ha dy wer ’t ik dy ha wol
Ik moat fan dy feroarje, want oars giesto fuort
Do witst dat ik dy net kwyt wol dus wa sit hjir no yn ‘e put
Do hast my no yn ‘e tange, ik sil dwaan watsto wolst
Ik wol dy net ferlieze, ik wol dy hâlde koste wat kost

Ik ha dy wer ’t ik dy ha wol


BANG YN’T TSJUSTER

Eltse joene om 11 oere, ja dan giesto op bêd
’t Ljocht moat oan oars kinst net sliepe, do bist ’t mear as sêd
Atst ien kear sliepst begjinst te dreamen, witst net wat it is
Do wurdst wer wekker fan benaudens, it bêd wer wiet fan pis

Bist do bang yn ’t tsjuster
Of falt it wol wat ta
Bist do bang yn ’t tsjuster
Of wolst it ljocht oan ha

De muorren komme op dy ôf, do hast ’t wier net rom
Spoken, geasten, wearwolven, dyn bek sit ûnder ’t skom
Kloate dream do wolst der út, mar ’t slagget dy net
Mem kom mei gang en doch it ljocht oan, oars is it wis te let

Bist do bang yn ’t tsjuster
Of falt it wol wat ta
Bist do bang yn ’t tsjuster
Of wolst it ljocht oan ha

De dream dy hat dy yn syn macht, lit dy dwaan wat der wol
Do pakst in mes, giest nei de buorren, it slacht dy yn ‘e bol
Gjin ien dy bliuwt foar dy besparre, do giest tekear as in bolle
Do bist it net, it is de dream, dy sit noch yn dyn holle

Bist do bang yn ’t tsjuster
Of falt it wol wat ta
Bist do bang yn ’t tsjuster
Of wolst it ljocht oan ha

Asto rêstich wekker wurde wolst yn ‘e betide moarn
Tink dan oan ien ding: hâld fannacht ’t ljocht mar oan


POLITYK

Stim op my, stim op my
Ik wol it bêste foar dy
Jouw my macht, jouw my macht
Ik keapje in Benz, is ’t gjin pracht

Ja, al dy ezels yn Den Haag
Se wurde gewoan in plaach
Minder frachtweinen dat wurd de spil
Mar sûnder ferfoer stiet dochs alles stil

Stim op my, stim op my
Ik wol it bêste foar dy
Jouw my macht, jouw my macht
Ik keapje in Benz, is ’t gjin pracht

Mar wa wol no echt it bêste foar dy
Stim op dysels dan fielst dy frij
Boykot dy ezels yn Den Haag
En dy smoarge belestingplaach!

Stim op my, stim op my
Ik wol it bêste foar dy
Jouw my macht, jouw my macht
Ik keapje in Benz, is ’t gjin pracht


IT FYFDE

De Swarte is de coach, dy set ’t soadsje del
Hy stiet oan ‘e line, hy sjocht wer wakker fel
Josse hat de bal, hy jout ‘m oan de Grutte
Dy kopt ‘m troch nei Kwak, wat sil dat no besjutte
Haha stroffelt oer syn kloaten en is de bal wer kwyt
Guust moat hulze, tefolle drank ta syn spyt

It fyfde, it fyfde, it draait net om ‘e bol
It fyfde, it fyfde, it giet der om ‘e lol
It fyfde, it fyfde, it krop wer aardich fol
In sjampoflesse by Skity yn syn hol!

Sprokkel dy is wer te let, hy moat wer op ‘e bank
Bikkel stjonkt wer út syn hol, Sjezus wat in stank
Skity mei graach dûse, mei syn earske bol
Boan dy pakt in shampooflesse en feecht ‘m yn syn hol
Shumi pikt de bal wer op en lit in dikke boer
Nei de Knop dy is der net, dy sit wer op in hoer!

It fyfde, it fyfde, it draait net om ‘e bol
It fyfde, it fyfde, it giet der om ‘e lol
It fyfde, it fyfde, it krop wer aardich fol
In sjampoflesse by Skity yn syn hol!

Pik hie wer in grutte bek, dêrom dat blauwe each
Simpel lûkt ‘m wer ôf, hy hat ’t thús sa dreech
Pekke efter ’t stânpoat langes, en rekket him fol
Wub kriget ‘m foar de poaten en sjit ’t net bol
Hy hie mazzel de bal gong yn ‘e goeie hoek
’t Foel hjoed mei, mar mei 9-1 oan ‘e broek!

It fyfde, it fyfde, it draait net om ‘e bol
It fyfde, it fyfde, it giet der om ‘e lol
It fyfde, it fyfde, it krop wer aardich fol
In sjampoflesse by Skity yn syn hol!


STJITBIG

It is no alwer 3 jier lyn
Ik wie net nochter, nee earder blien
Dy jûn yn ‘e kroech op it hoekje
Stie se der sûnder har ûnderbroekje
De geilichheid rûn har út ‘e flut
Myn lytse Johannus groeide hurd
Ik rûn d’r mar es efkes kalmoan hinne
En tocht dy sil ik foar my winne!

Allemachtich wat hie dat fanke in holle
Dit wie gjin minsk mar in baarch of in bolle!
Hjirwei! Dit is ferkeard, dit is net goei
Aanstens mei de bistebeskerming yn ‘e knoei!
Ik wol hielendal net grof wêze op sich
Mar dit is it toppunt fan in echte STJITBIG!

Twa jier lyn gie it ek al sa need
Ik hie no ek wer in enorm stik yn’e reet
Ik seach in famke en dat foldie my wol
Sa ’n lekkere blonde snol
Ik fielde my Johannus dat ’s toch altyd klear
Allinne ik trof it net, sels net dizze kear
Se draaide har holle krekt myn kant op
Sûnder jutesek krûp ik der net op!

Allemachtich wat hie dat fanke in holle
Dit wie gjin minsk mar in baarch of in bolle!
Hjirwei! Dit is ferkeard, dit is net goei
Aanstens mei de bistebeskerming yn ‘e knoei!
Ik wol hielendal net grof wêze op sich
Mar dit is it toppunt fan in echte STJITBIG!


DE LÊSTE

Freedtemiddeis nei it wurk
Myn bek is sa droeg as in koark
Ik ferlûk spier foar spier
Ja, ik ha nocht yn in pot bier
Ja, it giet jûn wer rúch!
Hahaha.
Héjo lamsek, jou my in pipe
Dan sil ik ‘m der mei gang yn kipe
No net sijke, dit is de lêste
Oars sil ik dyn houlik ferpeste
Oars krigest stokslagen fan binnenút!
Hahaha.
Dit gong de útbater te need
En hy skopte my ûnder myn reet
Johannus, dit wie de lêste foar dy
No hast it knap ferneukt by my
Miger, wiif, ja grutte lul!
Hahaha.