Berne 5 desimber 1975.
RikuS syn mem wie útrekkene yn febrewaris 1976, mar it
soe sa’n grutte baby wurde, dat se him mar earder helle hawwe.
It is in grutte keardel wurden mei syn 213 sintimeter lingte.
Hawar, alles is yn proporsjes, alles is grut oan RikuS!
RikuS hat tal fan talinten, sa as it produsearjen fan in kielskeet fan 83 dB.
Sadwaande kin der ek in bjusterbaarlik stik tonger út syn snút krije.
In oar talint is it skriuwen fan teksten en it opslaan yn de griise massa.
Dat is ferrekte handich.