Gek
Opnommen: 02-2004
Studio: Innersound Studio Terherne
Útkommen: 02-04-2004
GEK
Der sitte stimmen yn myn holle,
en ik wit net hwa’t no tsjin my praet,
foar de rest sit der net folle,
mar die stimmen dat is wat ik haat.
Gek, gek, ik bin gek, gek.
Ik doch no myn eagen ticht,
en doch krekt at ik neat hjear,
troch myn harses raast in bliksemskicht,
dy seit “Durk we binne der wer allegear.”
Gek, gek, ik bin gek, gek.
Sjit my mar lek, ik bin stapelgek.
Sjit my mar lek, ik deug net.
Ik wit net wat ik no dwaan moat,
wer moat ik dan no wer hinne,
de ien seit dit en de oare dat,
in schizofreen is nea allinne.
Ik ha myn eagen iepen dien,
en ik sjoch wer hels gemien!
Sjit my mar lek, ik bin stapelgek.
Sjit my mar lek, ik deug net.
IT ANTWURD
Hoefolle froulju moast do neisjoen ha,
foar datsto ’n kearel bist.
Hoefolle pils moat der troch dyn kiel,
foar datst nei de plee bist west.
hoefolle klappen moast op dyn holle ha,
foar datsto út ‘e tiid giest.
It antwurd myn freon, dat kryst by ’n liter wyn.
It antwurd kryst by ’n liter wyn.
Hoefolle sweltsjes moast sjen yn ‘e loft,
foar dat ’t ’n goeie simmer wurd.
Hoefolle kei moast molken ha,
foar dat de molketank fol is.
Hoe faak moast de plysje belle ha,
foar dat ‘r te plak is.
It antwurd myn freon, dat kryst by ’n liter wyn.
It antwurd kryst by ’n liter wyn.
Hoefolle sjek moast do smookt ha,
foar datst lest fan ‘e bealch krijst.
Hoefolle katers moast do hant ha,
foar datst fan ‘e drank of giest.
hoefolle cd’s moast do belustere ha,
foar datsto foar JITIIZER kiest.
It antwurd myn freon, dat kryst by ’n liter wyn.
It antwurd kryst by ’n liter wyn.
ALMANAK 2004
Onmoochlik de teksten en it kommentaar te ferwurdjen. Dit moatte jo hearre!