Skip to main content

Hjir is der ol

 

Opnommen: 02-1993 – 03-1993

Studio: RDS Studio Snits

Remastere: 10-2003

Útkommen: 04-12-2003

 

TONGER

 

Ik trille en rammelde hast út bed,
wat wie dat wat myn linker ear der heard.
It like wol oft de wrâld fergien,
of it wie de drank want ik bin wer blyn.

Tonger, tonger, tonger.

Ik tocht dúster goaden, sy komme my heljen,
it wie no tiid om de plysje te beljen!
Kloaten gjin gehoar, in antwurd-apparaat,
dat wie in dikke hoer mei enoarm dom praat.

Tonger, tonger, tonger.

It tongere de wrâld stie op skuorren,
Nee, it wie JITIIZER oan it spyljen by de buorren!
It like wol tonger allemachtich wat in geweld,
mar dat wisten jim wol, dat hie ik al ferteld.

Tonger, tonger, tonger.


 

DE BERGGEIT

 

Hy rint dêr troch de bosken,
hy fielt sich dêr net thús.
Hy hat ek skeve tosken,
en hy siket in nei hûs.

Iepe, Iepe de berggeit.

Hy wennet no yn ‘e rotsen.
Hy sûpt ek folle jenever,
hy rint dan ek steeds skever.
Mar op ’t lêst dan moat der kwatse,
mar dan ropt der “Bèèèè, Bèèèè, Bèèèè”!

Hy rint dêr troch de bosken,
hy fielt sich dêr net thús.
Hy hat ek skeve tosken,
en hy siket in nei hûs.

Iepe, Iepe de berggeit.

Hy wennet no yn ‘e rotsen.
Hy sûpt ek folle jenever,
hy rint dan ek steeds skever.
Mar op ’t lêst dan moat der kwatse,
mar dan ropt der “Bèèèè, Bèèèè, Bèèèè”!

Iepe, de berggeit.
“Bèèèè, Bèèèè, Bèèèè, Bèèèè”!


 

OAN’E KANT

 

Al it âlde folk út St. Nyk,
sjochst nei fiifen net mear op’e dyk.
Ik kom út it wurk en stap yne karre,
efkes sjen of we punten kinne barre.
Lêsten ried ik wer yne kadett,
hast wer punten mar ik rakke it wiif net.
Wer in boanus oan mien noas foarby,
mar in strjitte fjirder begjin ik op nei.

Oan’e kant, oan’e kant, hjir kom ik oan!
Jammer dan, jammer dan, beppe foar de ban.
Dat is sneu, dat is sneu, se seach my net.
Foar beppe, ja foar beppe, wie’t te let.

Juster seach ik ien mei SH efterop,
ik tocht dat is Snelle Harry en ik stop.
Ik toeterje en lit de ljochten skine,
mar hy ried troch as in bline.
Ek foar Harry wie it te let,
ik toeterje noch mar hy hearde my net.
Ik snap net dat hy my negearde,
dan hat der oan mei wol in ferkearde.

Oan’e kant, oan’e kant, hjir kom ik oan!
Jammer dan, jammer dan, beppe foar de ban.
Dat is sneu, dat is sneu, se seach my net.
Foar beppe, ja foar beppe, wie’t te let.

Mei wat snelheid kom ik troch elke bocht,
tekens sneller ik kry nea mien nocht.
Efkes tanke, dan wer op’e baan,
it is in sykte ik kin der neat oan dwaan.
De dokter seit it sit ien de holle,
ik tink fan net want dêr sit net folle.
It makket net út wêr’t ik ryd,
mar ik kom jim tsjin oant jim spyt.


 

JENTSJE SYN KOEKJE

 

Wat in lekker koekje, it sjocht der prachtich út.
Dêr omhinne sûkelade, mei in dikke nút.

Hap docht lytse Jentsje, it koekje smakket skoan.
Op ‘e stoel te iten, wa komt dêr ynienen oan.

It is Puk, de brune teakel, dy wol in stikje ha.
Dat liket lytse Jentsje net sa goed ta.

Hy stekt de hantsjes yn ‘e loft, swaait it koekje yn it rûn.
Skopt tsjin de teakel oan, de teakel leit dea op ‘e grûn.

Dit is it einde fan Jentsje syn koekje en de hûn.

Jentsje syn koekje, Jentsje syn koekje, Jentsje syn koekje,
Jentsje syn koekje, Jentsje syn koekje, koekje!


 

JON SOLDAAT

 

Pet op!
Hannen úte bûsen!
Bolle!!!
Jawis, it is no sa fier,
Jon soldaat stiet efter in mortier.
Kriget klean op kosten fan de staat,
Jon soldaat, stiet altiid paraat.
Op appèl mei de boarst foarút,
it is no in kearel, in echte brút.

Jon soldaat, altiid paraat.
Hy jouwt neat om in 30 km. mars,
allinnich de blierren sitte him dwars.
mar hy sjouwt troch, want it is beast,
it ein sil der helje, it begjin is al west.
De lêste pear kilometers gean swier,
Jon soldaat sjouwt troch, ferlûkt gjin spier.

Jon soldaat, altiid paraat.
Yn it fjild giet der it leafst tekear,
goaie mei granaten en boatsje mei in gewear.
De bosk ien, mei takken en blêden kamofleare,
Jon soldaat draaft en krûpt as in healegeare.
RAMBO kin de plunjebaal op solder sette,
Jon soldaat kin it wurk allinnich fersette.


 

DRANKULA

 

Drankula, Drankula!

Drankula wennet ergens yn it Fryske lân,
se sizze mei dy fent is wat oan de hân.
Op strjitte mei moai waar dan sjochst him net,
do sjochst ‘m allinne mar jûns let.
Do hearst se wol sizzen:”It is in fampier!”
Ik tink fan net want dy fent dy stjonkt nei bier.

Want it is, ja it is Drankula, Drankula, Drankula, Drankula!

Jûns fladdert hy fan hûs nei hûs,
en skreaut:”Ik bin net gek ik bin in flearmûs!”
Mar doe seach Drankula de toer net stean,
en hy bleau heakjen mei syn âlde klean.
Mei in grutte snelheid foel hy del,
hy mocht net yn de himmel, dan mar yn de hel.

Want it wie, ja it wie, Drankula, Drankula, Drankula, Drankula!

Drankula wennet ergens yn it Fryske lân,
se sizze mei dy fent is wat oan de hân.
Op strjitte mei moai waar dan sjochst him net,
do sjochst ‘m allinne mar jûns let.
Do hearst se wol sizzen:”It is in fampier!”
Ik tink fan net want dy fent dy stjonkt nei bier.
Hy stjonkt nei bier!

Want it wie, ja it wie, Drankula, Drankula, Drankula, Drankula!


 

BUTER, BREA

 

Bûter brea en griene tsiis,
wa ’t dat net seit, dat is gjin Fries.
Dat is ymport, gjin ferstân,
snappe de taal net fan ús heitelân!

Bûter brea en griene tsiis,

En mar seure oer it Fryske lân,
by d’alvestêdetocht stean se foaroan.
Yn tenu mei Fryske flagge,
my sulken is noch nea in feest slagge!

Bûter brea en griene tsiis,

Wêr giet dat mei ús lân nei ta,
no wy fan dy stumpers haw’.
De Friezen binne gjin Friezen mear,
dit giet te fier, dit komt sa net klear!

Bûter brea en griene tsiis,


 

JOHANNUS

 

Johannus syn wurkoeren binne wer foarby,
no is hy foar in hiele jûne frij.
Dan kin der dwaan en litte wat der wol,
hy giet nei Grins want syn pûde is wer fol.

Ek Johannus die hat wolris ferlet,
sommige minsken dy begripe dat net.
Die tinke hy leit wer te lûken,
boppe in steltsje âlde pornoboeken

Johannus, Johannus wat is dat wat ik hjir rûk,
it rûkt hjir nei hout hast in peal yn ‘e brûk?
Stiet der oerein dyn enoarme bout,
do bist de ienige dy hjir sa’n stank jout!

Johannus is in geile beer,
libbensgefaarlik tusken it frouljuferkear.
Welk mokkel sil der no wer pakke,
it makket net út, hy is ’t kwyt die prakke.

It begjint te stjonken nei brân,
wer hast dyn pylk no wer yn hân
De pylk is hyt hy begjint te rykjen,
mar nergens is in rokertsje te sykjen.

Johannus, Johannus wat is dat wat ik hjir rûk,
it rûkt hjir nei hout hast in peal yn ‘e brûk?
Stiet der oerein dyn enoarme bout,
do bist de ienige dy hjir sa’n stank jout!

Wat hat Johannus no in spyt,
nei 5 jier syn peal al kwyt.
Hy kin der net mear safolle mei,
hy fielt sich as in âld bakt aai, in âld bakt aai,
in âld bakt aai, in âld bakt aai!


 

PINE YN ‘E HOLLE

 

It field oft leit myn skeidel yn twa stikken,
’t is krekt of binne se mei stiennen oan it bikken.
It wie beare gesellich, ja dat wol,
it krop dat siet op ’t lêst wer aardich fol.

Mar op ’t lêst sei de maache stop,
dit wie te let, ik hie wol pine yn ‘e kop.
Mei my wie gjin lân te besilen,
’t wie krekt of siet myn kop fol imbisilen.

Wat haw wy wer in wille,
we sille it moarn wer fielle,
bjusterbaarlik pine yn it dak,
en dat is net noflik!

Moandeitemoarn nei ’t skythûs te mudzjen,
spuie en skite it is dêr net te hurdzjen.
Sa min as wat en switte as in otter,
kin nouliks mear prate, nee ik st-t-t-totter.

Wat haw wy wer in wille,
we sille it moarn wer fielle,
bjusterbaarlik pine yn it dak,
en dat is net noflik!


 

PIEBE

 

Ooooooo Piebe!
Ja!
Piebe!
Ja wat is der?
Wat gean wy heljen?
Wat seist?
Wat gean wy heljen?
Wy gean om bier!
Bier?
Ja, bier ja!
Wat gean wy heljen, wat wat wat wat wat gean wy heljen?
Bier!
Bier?
Ja bier!
Gean wy bier heljen?
Bier!
Wêr wei?
Ut de kroech!
Piebe, wat gean wy heljen?
Bier!!!