Skip to main content

12-05-2007 – Live at 169 bar

Hjoed mar efkes langer utsliepen, want it rock ”n” roll libben begjint syn tol te eisen.

We moasten sels drave om op ”e tiid foar it dinee te kommen.

Nei de bekinde rituelen; weblog update, brúne trui breidzje, taart bakke en efkes klaaie,

geane wy wer nei de lokale fytsferhierder en op de fyts op paad.

It doel hjoed is de Empire State building.

By de kassa belâne die bliken dat Roffel in off-day hie.

Of hichtefrees, of noch wat foar memmedei opskarrelje.

Yn elts gefal mei syn fjouweren de elevator yn en omheech. 10, 20, 30, 40, 50, 60, 80,

oerstappe en 6 floors letter wienen wy op it heechste punt en hienen wy in moai plaatsje fan de hiele stêd.

Mar der stienen wy net op te wachtsjen.

En jawis, hjirnei waarden wy al wer roppich en binne wy Ronald McDonald wer oanwest.

Nei wat omkeuteljen op de boullevard hawwe wy it spul wer byinoar skarrele foar it twadde optreden.

Mei de cap nei China Town, 169 bar.

Wy hienen oars spylje moatten yn Siberia bar, mar dy”t is krekt foarrige wike sluten troch tsjustere omstannigheden.

Lokkigernoch hienen wy dizze noch yn opsje stean.

Hjir oankommen, krigen wy it gefoel fan sa”n 15 jier lien.

Wer binne wy yn himmelsnamme no wer belâne.

Der spielden twa bands foar ús, wat al hiel yn in oar strjitsje wie dan Frysk Tonger Core.

Nei elven koe it oangean.

Neidat Rikus de earste kreten de loft yn goait hie – modderfukka – en – wassup man – kaam it gefoel al dat it wolris in moai feest wurde koe.

En dat waard it ek; wy moasten sels hântekenings sette op de skyfkes.

Dit soarte musyk en clownske fratsen hienen sy hjir noch nea meimakke.

Weromreis yn de subway, hawwe wy de locals “potje met vet” leart; dat gjalpde troch alle tunnels!

It”s 80% sure that Bruno is knocking on my doar.

 

Werom nei it oersicht