Skip to main content

11-05-2007 – Sinees op ‘e hoeke

Hjoed is ek alles wer cat in the bakky.

It waar is wer goed te fernearren; it brând us dan ek wer yn en op ”e bealch.

It rapste troch NY is mei de boemeltrein, wer”t de hearren amateurs dan ek gretich brûk fan meintsje.

Chinatown is hjoed de earste bestimming.

Alwer de baargen net allinnich de plysjes ferfiere mar ek oer de skouders hingje.

Dernei wie de bestimming Times Square,

wer”t de JITIIZER stikkers yn fol ornaat op billboards hingje.

Se begjinne us sawier al te herkennen.

De hearren gitaristen koenen de hannen ek wer oan sichsels slaan,

doe”t sy yn de grutste gitarensaak fan de wrald west ha.

Mar, o wat lullich foar Bongel en Rikus, dy”t mar wat oare ferdivedaazje sykje moasten.

Mar dat is ek wol slagge …..

Wy ha ek noch efkes us kollega”s fan de brânwacht besocht,

dy”t noch hiel wat fan us leare koenen.

It monumint fan 9-11-01 wie impressive.

It wie ek mar wer goed dat wy Tommy the mapman by us hienen,

oars hienen wy der oer in jier sels as in swerver by sjoud.

Dernei hat de welrikende cabdriver Danny de Vito us nei de Redrock West Cafe brocht,

wer”t de froulju yn bra op de bar doensden en de iisblikjes yn de underbokse moasten.

Doe wie it tiid om it hotel wer op te sykjen.

Josse wie syn horloge ek noch kwyt, mar hy hie em hjuster noch om …. en goed ek.

 

Werom nei it oersicht